Simon Vinkenoog

Simon Vinkenoog op 12 oktober 2008
Vinkenoog mei de haadredaksje fan Bres (1982)

Simon Vinkenoog (Amsterdam, 18 july 1928Amsterdam, 12 july 2009) wie in Nederlânsk skriuwer fan proaza en poëzij.

Simon Vinkenoog waard berne yn de folkswyk De Piip. Yn 1944 helle er syn MULO-diploma.

Yn 1949 en 1956 reizge er foar de UNESCO nei Parys dêr't er úteinlik 8 jier wenne hat.

Hy debutearre yn 1950 mei de gedichtebondel: "Wondkoorts". Itselde jier, doe't er 21 wie, liet er it literêre blêd Blurb it ljocht sjen. Oan dat blêd namen Hans Andreus, Armando, Hugo Claus, Jan Hanlo, W.F. Hermans en Hans Lodeizen diel. Blurb en it literêr tiidskrift Braak foarmen de ynlieding ta de peroade fan Vijftigers, de fernijende literêre streaming fan de jierren 50.

Vinkenoog hie in protte ûnderfining mei hallusinogene middels. Oprjochter Ted Klautz fan it esotearyske tiidskrift Bres frege him yn 1968 om in artikel oer LSD. Oant 2004 folgde doe in lange rige bydragen yn de rubryk Wereld in beweging

By de Twadde Keamerferkiezings 2006 wie Vinkenoog listtriuwer foar de partij Groen Vrij!, dy't legalisaasje fan kannabis foar stie. Dit hat net laat ta in sit yn de Keamer, mar levere him wol de bynamme fan "wytambassadeur" op.

Vinkenoog is seis kear troud, de lêste kear op 1 septimber 1989 mei Edith Ringnalda (Amsterdam, 5 july 1954). Hy hie fiif bern.

Vinkenoog is stoarn oan in SFA.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search